Doe’t ik in jier as 15 wie, kochten wy as maten in âld auto. Dêrmei binne we yn ‘e winter op in kear rjochting it Paviljoen riden en sa skeaten we mei gong de Griene Dyk oer, it iis fan it ûnderrûne bûtlân op. Machtige slippartijen wiene it gefolch. Nei’t we dit, hieltiten mei in oare sjofeur in pear kear dien hiene, binne we op in stuit mei auto en al troch it iis sakke boppe ien fan de fearten lâns de dyk, dêr wêr no it parkearplak fan it Pottenstrân is. De auto bleau yn it iis hingjen en wy kamen mei de skrik en in wiet pak frij. We ha de auto der letter yn ‘e maaitiid, doe ‘t it lân wer droech wie mei in trekker weihelle.
Hy koe fuort nei de sloop.
Doe ‘t yn 1968 begûn waard mei de ruilferkaveling de “Sneker Oudvaart” kaam der in ein oan in drege tiid foar de boeren yn it gea dy ‘t fan dat stuit ôf op fatsoenlike wize by harren landerijen komme koene.
Tagelyk waard de streek maklik tagonklik foar elkenien en dus wie it dien mei de rêst. It sân wat nedich wie foar de oanlis fan de diken waard by de mar weihelle en sa is it rekreaasjestrân De Potten ûntstien. Underwilens waard ek in begjin makke mei de oanlis en de bou fan bungalowpark De Potten en it nije paviljoen mei bungalows. Dit soarge ek foar in flinke taname fan de drokte by de mar.
De kaaidiken waarden ophege en de bemealling fan de Fryske boezem ferbettere. It gefolch hjirfan wie dat it grutste part fan it bûtlân yn ‘e winter net mear ûnder wetter kaam te stean. De giele pracht fan de dotterblommen ferdwûn sa njonkenlytsen, mar troch in nije, skralere foarm fan behear is der in oare kleurepracht foar werom kaam. Lykwols mei buordsjes dy ‘t de frije tagong nei it gebiet ferbiede. Oan dizze feroaring sieten mear negative kanten.
Koene jo earder sawat fan út elk doarp fan de Lege Geaen mei in boat de mar berikke, fanôf doe koe dat allinne mar mear fanôf de Snitser Aldfeart en de Bangafeart – Tersoalster Brekken. Mar wa wit, mooglik komt der ea wer ris in slúske op ‘e Gaustersyl en brêgen yn ‘e bûtlânswei sadat jo ek út Gau en Sibrandabuorren wei wer de mar op komme kinne. Tiden hawwe tiden en it draait hieltiten mear om de rekreaasje yn Fryslân, dus wa sil it sizze.
Ien ding is wis, de Snitsermar bliuwt oantreklik foar minsken dy’t in plak sykje om harren frije tiid troch te bringen, sa wol yn en op it wetter as lâns de kant. En as ik de rêst fan 50 jier lyn werom fine wol, och dan gean ik yn ‘e hjerst as winter wat faker de Griene dyk del. Dat kin no sels sûnder learzen, want de Griene Dyk is no moai droech, skjin en sljocht..
(ps, wisten jimme dat it Swettebosk begjin 70 er jierren oanlein is as kompensaasje foar de neamde ruilferkaveling?)
Geart Bos